Sosjaal plan Halbertsma Grou

01 mrt 2013 - 14:16

De fakbûnen hawwe mei de direksje fan de Faber Halbertsma Groep in akkoart berikt oer in sosjaal plan foar meiwurkers fan it palletfabryk yn Grou. Koartlyn waard bekend dat de palletproduksje nei 122 jier út Grou ferdwynt en sintralisearre wurdt by produksjelokaasjes yn Assen, Hasselt en Espel. Fan maaie ôf kinne de meiwurkers oan it wurk by ien fan dy lokaasjes. Foar har is ferfier regele en yn it earste jier wurdt ek de ekstra reistiid kompensearre.

De Faber Halbertsma Groep slút de lokaasje Grou om tichterby syn klanten yn Midden- en Súd-Nederlân te sitten.

Trefwurden: 
Grou Halbertsma
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)