Autofernieler oanholden

Oanhâlden © Omrop Fryslân
In 22-jierrige ynwenner fan Ljouwert is tongersdei oanhâlden foar fernielerij. De man hie earder op de jûn de spegel fan in auto ôftrape. De eigner fan de auto seach dat en pakte de fernieler. Fuort dêrnei belle er de plysje. Dy koe de fertochte fan de man oernimme. It fermoeden is dat de man ûnder ynfloed fan alkohol wie op it momint fan de fernielerij. De man is meinaam nei it plysjeburo en dêr fêstset.