Wrâldbeker Erfurt mei roubân

Atje Keulen-Deelstra © ANP
De Nederlânske dielnimmers oan de wrâldbekerwedstriden reedriden yn Erfurt ride de earste dei mei in roubân. Dat yn ferbân mei it ferstjerren fan reedrydleginde Atje Keulen-Deelstra ferline wike. Keulen-Deelstra ferstoar ferline wike freed op 74-jierrige leeftiid oan de gefolgen fan in harsenynfarkt. By de wrâldbeker finale op It Hearrenfean wurdt nochris ekstra stilstien by it ferstjerren fan Atje Keulen-Deelstra. Dy wurdt organisearre yn it wykein fan 8 oant en mei 10 maart.