Fryske kantoaren Rabo ticht

01 mrt 2013 - 10:49

De Rabobank skrast de kommende jierren meardere Fryske kantoaren. Ek sille hûnderten Fryske meiwurkers fan de bank har baan ferlieze. It ferlies fan banen en kantoaren is it gefolch fan de grutte reorganisaasje dy't it bedriuw tongersdei oankundige. Lanlik sille de kommende fjouwer jier 6000 banen ferdwine en moatte hûnderten kantoaren slute. Hoe grut de klap yn Fryslân krekt wurdt, is noch net dúdlik. Op dit stuit wurdt noch hurd wurke oan de gearfoeging fan de Rabobank mei de Friesland Bank en dat kostet mear tiid as tocht.

De fakbûnen driigje mei aksje as der net in goed sosjaal plan komt by de Rabobank. Op dit stuit wurdt op lanlik nivo oerlein oer in sosjaal plan, mar dy petearen ferrinne neffens de fakbûnen net goed. De kâns dat der meikoarten in akkoart leit is dan ek lyts. Neffens Annelies Ossel fan fakbûn FNV is de reorganisaasje benammen in bedriging foar de meiwurkers fan de Friesland Bank, dy't nei de fúzje oergean nei de Rabobank.

Trefwurden: 
Friesland Bank Rabobank
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)