'Gefaar op 'e dyk' oanholden

Plysje-embleem © ANP
In 25-jierrige ynwenner fan Lelystêd is tongersdei by De Jouwer oanhâlden om't er in gefaar op 'e dyk wie. De man wie by It Hearrenfean de A7 opriden en snijde dêrby in oare auto de pas ôf. Om in oanriding foar te kommen moast de bestjoerder fan de oare auto, in 50-jierrige ynwenster fan Gorkum, hurd remje. De fertochte slingere dêrnei mei in snelheid fan 50 km de oere op de sneldyk. De 50-jierrige bestjoerster bleau achter de fertochte oanriden. Dy smiet doe in flesse út de auto dy't by har op it foarrút bedarre.
De plysje koe de man úteinlik nei De Lemmer oanhâlde. Om't de plysje tocht dat de man drugs brûkt hie, is er meinaam nei it plysjeburo. De man moast syn rydbewiis ynleverje en syn auto is yn beslach naam.