Tûzen liter disel stellen

01 mrt 2013 - 10:04

By in bedriuw yn Ljouwert is dizze wike tûzen liter disel stellen. De brânstof siet yn in opslachtank. Ek is der disel meinaam út de auto's dy't op it terrein fan it bedriuw parkeard stiene. Om op it terrein te kommen hawwe de dieders in gat yn it stek om in bedriuw hinne makke. De stellerij waard tongersdeitemoarn ûntdutsen. Der is oanjefte dien.

Trefwurden: 
disel
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)