Gjin fúzje fuotbal Harns

01 mrt 2013 - 06:15

Der komt definityf gjin fúzje tusken de trije fuotbalklups yn Harns. Robur, VV Harlingen en Zeerobben binne der nei moannen praten ûnderling net útkaam. VV Harlingen en Robur wolle noch wol besjen oft it mooglik is om in lytsere fúzje trochgean te litten. Dizze nije klub soe dan op snein spylje.

Zeerobben giet definityf allinnich fierder op it Oostersportpark en is mei de gemeente yn ûnderhanneling oer ekstra klaairomtes om de groei fan de feriening op te fangen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)