Spultsje om better te tillen

28 feb 2013 - 20:31

It optillen fan digitale skiep yn in kompjûterspultsje moat ferpleechkundigen helpe harren wurk better te dwaan. Yn it spultsje wurdt oanleard hoe't se it bêste in pasjint optille kinne. It spultsje it ûntwikkele troch de NHL nei fragen fan ûnder oare Soarchgroep Noorderbreedte. Neffens de makkers fan it spultsje kin dizze foarm fan 'serious gaming' yn de takomst noch folle mear betsjútte foar de soarch.

Tongersdei waard it spultsje op in sympoasium op de NHL presentearre, mar waard ek stil stien by de oare mooglike tapassingen.

Trefwurden: 
kompjûterspultsje tille
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)