Van Harte no ek 'berneresto'

Boargemaster Ferd Crone fan Ljouwert hat tongersdei berneresto Van Harte yn Ljouwert iepene. Van Harte is in restaurant dat in sûn miel oanbiedt foar in lege priis foar minsken dy't oars net sa gau út iten geane. Der binne yn Nederlân al sa'n 34 Van Hartes dy't mei-inoar 130.000 waarme mielen omsette en dat oantal nimt ta.
Yn in berneresto kinne bern meihelpe yn de keuken, krije se ynformaasje oer sûn iten en binne der ek aktiviteiten foar bern. Van Harte yn Ljouwert sil tenei ien kear yn 'e moanne 'berneresto Van Harte' wêze.
Direkteur Fred Beekers fan Van Harte soe graach njonken Ljouwert ek yn plakken as Drachten en Snits in Van Harte iepenje. Van Harte sil sels net it inisjatyf dêrta nimme. It inisjatyf moat fan pleatslike minsken of ynstellings komme; Van Harte wol dan wol helpe. De Van Harte-resto's draaie foar it grutste part op frijwilligers. Resto Van Harte is yn Ljouwert ûnderbrocht by soarchsintrum Het Nieuwe Hoek.