File op A7 rjochting Grins

Filefoarming troch twa ûngelokken op de A7 © Rudy Bouma/112SWF
Ferkear op de A7 moat tusken Drachten-sintrum en Fryske Peallen rekken hâlde mei in file fan fiif kilometer. Oarsaak is in frachtauto, dy't earder tongersdeitemiddei in klapbân krige. De frachtauto rekke dêrby de middenrail en kaam ta stilstân yn 'e berm.
Fanwege it opromjen is tusken Easterwâlde en Fryske Peallen de rjochter rydstrook ôfsletten. Hoe lang dat noch duorret is net bekend. It soarget yn elk gefal foar in fertraging foar it ferkear fan sa'n 20 minuten.