Amelanner moannefisk Laura dea
De moannefisk Laura is dea en dêrmei is it natuermuseum fan It Amelân syn publykslûker kwyt. Begjin septimber waard de bysûndere fisk yn de Noardsee opfiske en nei it natuermuseum brocht. Dêr hat er inkele moannen sûn yn it akwarium omswommen, mar 7 febrewaris is er deagien, sa is no bekend wurden.