Roeken ferjeie yn Ljouwert

28 feb 2013 - 14:50

Mei knalpistoalen wurdt yn Ljouwert besocht om roeken te ferjeien. In groep jagers is dêr tongersdei mei begûn yn fjouwer strjitten yn de stêd. De fûgels feroarsaakje oerlêst. Se meitsje leven en skite de boel derûnder. Oft it probleem wier oplost wurdt is de fraach. De roeken binne earder al ferjage út de gemeente Tytsjerksteradiel.

Trefwurden: 
Ljouwert roeken knalpistoal
(advertinsje)
(advertinsje)