Aksje froulju foar baan manlju

28 feb 2013 - 12:12

In groep froulju fan wurknimmers by fangrailfabrikant Prins Dokkum fierden tongersdei aksje tsjin sluting fan it bedriuw. De bedoeling wie om in topman fan Saferoad, it Noarske memmebedriuw fan Prins Dokkum, in protestbrief en in stik fangrail oan te bieden. Mar de topman kaam net opdaagjen. Wol wie der in petear tusken direkteur Herman Odijk fan Prins Dokkum en de fakbûnen CNV en FNV. De brief en de fangrail waarden oan Odijk oanbean. Neffens de direkteur is sluting fan it bedriuw net te kearen. Mar de froulju jouwe de striid net op.

As de sluting trochgiet easkje se in better sosjaal plan. Freed stean aksjes fan de wurknimmers op it programma. By Prins Dokkum wurkje 34 minsken.

Trefwurden: 
Dokkum Prins Dokkum
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)