Drachtster museum nominearre

Museum Dr8888 is ien fan de gadingmakkers foar de Museumpriis 2013. It museum makket kâns op in priis fan 100.000 euro. Oare nominearren binne Beeld en Geluid yn Hilversum, it Joods Historisch Museum yn Amsterdam en Museum de Koloniehof, krekt oer de Fryske grins yn Frederiksoord. Museum Dr8888 hat in ynternasjonale kolleksje byldzjende keunst mei wurk fan Theo van Doesburg, Kurt Schwitters en de broers Rinsema. Ferline jier gie de Museumpriis nei it Natuermuseum Fryslân yn Ljouwert.
Fan tongersdei ôf kin der stimd wurde troch it publyk, dan kin oant 1 april.