'Yndustryterreinen earst fol'

28 feb 2013 - 11:48

De braaklizzende yndustryterreinen yn de A7-sône moatte earst fol foardat der by Snits nije terreinen ûntwikkele wurde. Der is noch romte genôch foar bedriuwen. Dat seit Harry Nota CDA fraksjefoarsitter fan de gemeente Skarsterlân. De boukavels by Snits binne lykwols hast op en dêrom wol de gemeente SWF nije grûn oankeapje. It CDA trunet der by boargemaster Loman op oan om de saak oan te kaarten yn it A7 ferbân. Dy hat tasein dat ynkoarten te dwaan.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)