Offal dumpt yn doarpsboskjes

28 feb 2013 - 11:08

De doarpsboskjes fan Holwert, Waaksens en Brantgum wurde brûkt as dumpplak foar ôffal. Steatsboskbehear tinkt dat de eigen ynwenners dêr ferantwurdlik foar binne en ropt op ta aksje. Der leit fan alles, fan grienôfal oant en mei ôfwurke oalje. De doarpsboskjes binne ea mei subsydzje en de eigen doarpsmienskip opset. De problemen bliuwe net beheind ta Dongeradiel, mar binne dêr wol it grutst. Jeffrey Huizenga fan Staatsbosbeheer fynt dat it makliker wurde moat foar minsken om it ôffal legaal fuort te bringen.

Hy ropt gemeenten op om dat mooglik te meitsjen. De gemeente Dongeradiel seit dat er net troch Steatsboskbehear op 'e hichte brocht is fan de yllegale ôffaldump, mar wol dêr graach oer yn petear. Fierder kinne minsken it grut ôfal no al fergees kwyt by de gemeente en wurdt it tsjin betelling ek ophelle. Sûnt tongersdei binne ek twa minsken oannommen om it dumpen fan ôffal te bestriden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)