Disel út frachtauto's stellen
Ut trije frachtauto's dy't parkeard stiene by in transportbedriuw yn Snits is woansdeitenacht disel stellen. It giet om in bedriuw oan de Kamerligh Onnesstrjitte. Yn totaal waard 600 liter disel meinaam. Hoe't de stellerij yn syn wurk gien is, is net bekend, de plysje docht dêr ûndersyk nei.