Brommer yn beslach nommen

Plysje-embleem © ANP
De plysje hat woansdeitemiddei op It Hearrenfean de brommer fan in 45-jierrige man út Heech yn beslach nommen. De bestjoerder foel op doe't er by it sjen fan de plysjeauto samar ynienen fan it fytspaad ôf de Weinmakker operied. By kontrôle die bliken dat it rydbewiis fan de man ynholden wie omdat er inkele ferkearsboetes noch net betelle hie. Ek wie syn brommer net fersekere. Dy waard yn beslach nommen en tsjin de man is proses-ferbaal opmakke.