Holwerter swaait mei mes

28 feb 2013 - 10:20

De plysje hat woansdeitenacht yn de Beyerstrjitte yn Holwert in 25-jierrige ynwenner oanholden op fertinking fan bedriging. De man stie earder dy jûn mei in mes op strjitte te swaaien. Buertbewenners bellen fuortdalik de plysje en dy koe de man oanhâlde. Hy waard oerbrocht nei it plysjeburo en foar neier ûndersyk ynsletten. It mes waard yn beslach nommen.

Trefwurden: 
mes Holwert
(advertinsje)