Steaten stride foar akwadukt

27 feb 2013 - 20:51

De steaten hâlde it Ryk oan de tasizzing foar de bou fan in akwadukt ûnder de Skarster Rien yn de A6 by De Jouwer. Op inisjatyf fan de ChristenUnie sille alle partijen, útsein de SP, by har Twadde Keamerfraksjes oantrune op de oanlis fan it akwadukt.

Minister Schultz van Haegen fan ynfrastruktuer makke koartlyn bekend dat it projekt skrast wurdt fanwege besunigings. In moasje fan de VVD, om it kolleezje op te dragen in lêste uterste ynspanning te dwaan en alfêst sels op syk te gean nei oare jildstreamen, helle it net.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)