Atsma wurdt haad nij mediafûns

27 feb 2013 - 16:54

Ald-steatssiktaris Joop Atsma wurdt foarsitter fan it nije Fryske mediafûns. Dizze kommisje jout it kolleezje fan deputearre steaten ûnôfhinklik advys oer de oanfragen. Kommissaris fan de Keninginne John Jorritsma hat dat woansdei bekend makke.

In romme mearderheid gie akkoart mei it ynstellen fan it fûns. Dêr komt 350.000 euro yn Sjoernalisten en mediabedriuwen dy't ûndersyk dwaan wolle nei saken dy't spylje yn de Fryske mienskip of wat dwaan wolle oan fernijings kinne in oanfraach dwaan.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)