Oanklacht:ferkrêfting en moard

27 feb 2013 - 13:41

De oanklacht tsjin Jasper S. is ferkrêfting en moard. Dat hat offisier fan justysje Henk Mous woansdeitemiddei yn de pro formasitting yn de Ljouwerter rjochtbank sein. De fertochte Jasper S. sit mei bûgde holle te hearren nei de oanklacht fan de offisier fan justysje. De fertochte is ûndersocht troch it NIFP. Jasper wurke der oan mei. Fertochte is 'volledig toerekeningsvatbaar' befûn. It foarstel fan offisier Mous is om op tongersdei 28 maart om 9.30 oere de saak ynhâldik te behanneljen. Der is in ekstra dei pland op 29 maart.

It ûndersyk fan de plysje is klear. It NFI is ek klear mei it ûndersyk nei it mes dat yn beslach nommen is. Nei goed in kertier wie de sitting al dien. De advokaat fan Jasper S. wol gjin kontra-ekspertize. Hy fynt dat de fertochte genôch ûndersocht is. Trije saakkundigen, psycholooch, psychiater en miljeu-ûndersiker dy't Jasper S. ûndersochten, wurde by it proses oproppen as tsjûge. Neffens de advokaat wol Jasper S. in ekskús meitsje tsjinoer Bauke Vaatstra. De heit fan Marianne reagearre ôfwizend. As de saak ynhâldlik behannele wudt, sil de advokaat pleitsje foar deaslach. Moard is juridysk sjoen in swierder msidriuw. It ûnderstelde moardwapen is fûn. Jasper S. hat bekend dat mes brûkt te hawwen, mar hast 14 jier nei dato sieten dêr gjin DNA-spoaren fan it slachtoffer mear op.

(advertinsje)
(advertinsje)