Startershuzen Fryske Peallen

Der komme mooglik starterswenningen op it plak fan de âlde iepenbiere basisskoalle yn Fryske Peallen. OBS De Skâns hat ûnderdak krige yn it nije multyfunksjonele sintrum fan it doarp. It âlde skoalgebou stiet no leech en is yn minne steat. Doarpsbelang kaam mei it idee om op it plak starterswenningen del te setten. De gemeente Opsterlân lit no ûndersykje hoefolle wenningen oft der op it plak komme kinne. De huzen moatte maksimaal 120.000 euro kostje.