Mooglik freed staking by Prins

Prins yn Dokkum © Omrop Fryslân
Freed wurdt mooglik staakt by Prins Dokkum. De fakbûnen ha de direksje útnoege foar in lêste petear op tongersdeitemoarn. Middeis wurdt it resultaat fan dat petear oan de leden foarlein. Dan wurdt besletten watfoar aksje oft der komt. De direksje wol it fabryk slute en it wurk ferpleatse nei Poalen en Dútslân, om't der hjir te min wurk is. De fakbûnen binne it dêr net mei iens, neffens har is der wol genôch wurk. Se fine it sosjaal plan ek net goed genôch.