Regio moat kâns ha op bou N381

Fryske bedriuwen moatte in gruttere kâns meitsje om de N381 oan te lizzen. Dat fynt de steatefraksje fan de ChristenUnie. De partij tinkt dat regionale bedriuwen no te min kâns meitsje om mei te dwaan yn de Fryske dykprojekten. Dat komt om't de bedriuwen om referinsjeprojekten frege wurdt as se meidwaan wolle oan de oanbesteging. Dat binne projekten fan deselde grutte as de N381, de dyk tusken Drachten en Easterwâlde dy't opknapt wurdt. Fryske bedriuwen hawwe dy referinsjeprojekten meastentiids net en meitsje dêrtroch minder kâns.
De Christen Unie hat woansdei fragen oer it ûnderwerp steld yn de gearkomste fan Provinsjale Steaten. Der moat wat feroarje, fynt de partij.