Net grûn ûnteigene foar natuer

De provinsje mei gjin grûn ûnteigenje foar de oanlis fan natuer. Dat fynt de steatefraksje fan it CDA. De provinsje wol yn de takomst de hannen frij ha om dat al dwaan te kinnen as it nedich is. Neffens it CDA is dat tsjin earder makke ôfspraken yn. Sa is yn it Streekplan fêstlein dat as it om natuer giet dat de provinsje dan inkeld frijwillich oankeapje mei. De ûnteigening foar natuer moat dan ek skrast wurde yn it nije grûnbelied, fine de kristendemokraten.