Blog: Berjocht út Mozambyk

It is hjoed de tredde dei fan ús reis. We sitte yn Xai Xai, it is jûn en folle moanne.
De moanne yn Mozambyk sjocht der trouwens presys itselde út as yn Fryslân. De sinne is hjir wol stikken hiter as by ús en dat koene we hjoed goed fernimme. Nei twa reisdagen moasten Theo en ik echt oan de bak. By in temperatuer fan boppe de 30 graden ha we fan it iene plak nei it oare west.
En dan fernimme we dat we dit echt net wend binne. Fysyk wurk kostet folle mear enerzjy. Wy snappe nei in dei folle mear fan de op ús each wat trage bewegingen hjir. Wy wurde ek stadiger... mar dat kin eins net, want we ha in grôtfol programma. Om acht oere fan 'e moarn op it kantoar fan Schoon water voor Mozambique. No ja kantoar...wy soene der al lang beklach oer dien hawwe. Mar hjir is it gjin probleem.
Yn 'e kunde kaam mei de ploech dy't hjir ús euro's útjout. En dat is wol grappich, der is gjin Fries by. In Deen, in Brabânse, en noch wat jonge meiwurkers út Hollân. En de fiertaal is Ingelsk. Pfoe, efkes wenne dus. Mar goed, op it kantoar is ynternet. Dus besykje ik myn ferhaal fan 'e moarn om 8 oere nei Ljouwert te krijen. Mar al wat der gebeurt, it stjoeren mislearret. Uteinlik slagget it de tekst te mailen. Mar ik ha ek sokke moaie foto's! Dy wol ik ek sa graach sjen litte. No dat kin we ferjitte. It slagget net. Mar, Hakuna matata, moarn wer besykje. Mar de dei is begûn, we kinne begjinne.
Op nei de boargemaster fan Xai Xai. Rita. De achternamme is my efkes fergetten. In 'struise' Afrikaanske frou achter in buro. Tige freonlik. "Bom dia", dat is it iennige dat ik yn it Portugeesk wit. Dêr kom ik fansels net folle fierder mei. Dus fragen opsteld en Troels, de Deen, stelt de fragen foar my. Gjin idee wat de antwurden wiene, mar se seach der hiel serieus by. Noch wol in hiel o heden om de frou goed yn byld te krijen. Se woe graach de foto fan de presidint fan Mozambyk yn byld ha. Mar we koene har oertsjûgje dat dy echt te heech hinget. En dan stean der twa flagen links en rjochts fan har by it buro. De Mozambikaanske en dy fan de stêd. Der wurdt mei omsleept, en as se op de bank sit dêr't se ynterviewd wurdt, komme de flagen wer njonken har te stean. Gelokkich binne we fier fuort as de dokumintêre útstjoerd wurdt. De flagen komme net yn byld. De boargemaster liedt ús noch efkes rûn oer de administraasje. Alle meiwurkers gean stean as se del komt. Tsjonge, dat meitsje we net faak mei.
Dêrnei troch nei de biblioteca fan Xai Xai. Dêr sil Marc Jense, fanút Fryslân meikaam, meiwurkers fan de gemeente foarljochtsje oer it opsetten fan in website. Ek Marc syn Portugeesk is net fan it alderheechste nivo, mar hy rêdt 'm der bêst mei. Mar healweis de les wurde wy der wer útlutsen.
De septictank op in skoalle wurdt lege. Dat is belangryk foar it projekt. Huppakee yn de auto, op nei in oar plak. Earst de grutte dyk, mar dan gean we in sânwei yn. Oan it begjin in grut boerd mei in Fryske flage. Dat is dochs wol apart hear, hiel Xai Xai is folhongen mei Fryske flachjes. Nei in kertier stuiterjen komme we oan by in skoalle. Wat in bern! Oeral bern! En wêr't Theo is binne de bern. Springe foar de kamera, poseare. Se binne sa nijsgjirrich. En we falle mei de noas yn de bûter. In pear hûndert bern sjonge, wat wy tinke, it Mozambikaanske folksliet. Soene wy dat ek ynfiere kinne op skoallen?
De dei op skoalle begjinne mei Frysk bloed tsjoch op....
We binne der foar oare saken, de septictank. Mar dy is, ja, te let. Mar gelokkich de jiskewein komt wol. Pppffff....wat in stank komt der út de griene tonnen fan ús Fryske projekt. En tagelyk wurdt dan dúdlik dat it moai is dat se der binne. Oars lei it oeral en nergens. En dan bin der ek noch allegear tinten.
Us sjauffeur Milton fertelt dat it tintekampkes binne foar minsken dy't harren hûs kwytrekke binne mei de oerstreaming in pear wike lyn. En dan is it noch net iens 12 oere. Wat in yndrukken ha we al hân, en wat in waarmte! En gjin tiid te ferliezen. We moatte fierder. Noch wol efkes in lytse lunsj. En dan wer de sânpaden op.
Op wei nei the poor family. It projekt hâldt 'm dwaande mei it pleatsen fan latrines, hiel ienfâldige wc's. By de earmste famyljes. De omjouwing is prachtich, de hutsjes stean best op romme grûn, mar se dogge har behoefte yn in gat yn de grûn. Dêr bringt it Fryske projekt stadichoan feroaring yn. We komme by trije hutsjes. Ien hat al in latrine, ien is oanbou en ien dêr moatte se noch yn in gat poepe. It bliuwt dochs raar om as rike westerling by sokke earme minsken oer it hiem te stowen, te filmjen en fragen te stellen. Mar sels fine se it geweldich. Se binne grutsk op har nije wc en bliid mei dat lyts bytsje mear komfort. En dat is dochs ek wer moai om te sjen. Benammen de grutskens is ûntroerend. En sa binne we in hiele dei ûnderweis, we sjogge, hearre en rûke Afrika! Safolle yndrukken, sa oars, mar net minder, gewoan oars.
En no hear ik de Yndyske Oseaan, ik sit op in terras by in hotel. De spidermankeamer is omruile nei in keamer mei útsicht op in muorre. Mar wat makket it út. De wc is presys itselde as thús en spielt gewoan troch. Toch fijn.