Man út Tsjom feroardiele

Justysje © Omrop Fryslân
In man fan 51 jier út Tsjom is troch de Ljouwerter rjochtbank feroardiele ta fjouwer jier selstraf foar seksueel misbrûk fan in famke fan tsien jier âld en it yn besit hawwen fan berneporno. Fierders moat de man ferplichte in behanneling folgje tsjin syn syklike steurnis.
De straf fan de rjochtbank is heger as de eask fan de offisier fan justysje. Dy wie ûnfoldwaande en docht gjin rjocht oan wat de man dien hat, neffens de rjochter.