Roeken knalle yn Ljouwert

Yn Ljouwert sille yn fjouwer strjitten jagers tongersdei begjinne mei it ferjeien fan roeken. De fûgels wurde ferjage mei help fan knalpistoalen. Yn de Valeriusstrjitte, de Ahornstrjitte, de Beukenstrjitte en de Kastansjestrjitte hawwe bewenners in soad oerlêst fan de fûgels.
De roekekoloanje komt út Tytsjerksteradiel en is oerflein nei Ljouwert.