Reedride foar goede doelen

Alle seishûndert leden fan de feriening Jeugdschaatsen Heerenveen sette harren de kommende dagen yn foar trije goede doelen. Se ride fjouwer tochten op Thialf om jild op te heljen foar Cliniclowns, World Servants en Fiets voor een Huis. Moandeitejûn waard de earste edysje hâlden. De bern tusken de seis en tolve jier hoopje mear as 3000 euro op te heljen. De bern sykje sponsors dy't per rûntsje betelje.