Project X-fertochte lân út

Tsjin in 18-jierrige man út Boalsert is foar de rjochtbank yn Grins in jier selstraf easke yn ferbân mei de Facebookrellen yn Haren. Hy soe in auto yn de brân stutsen hawwe. It opmerklike is dat de man út Nederlân weigien is om syn straf te ûntrinnen. Dat hat er de rjochtbank yn in brief witte litten. De Bolserter is yn it ferline earder feroardiele foar geweldsmisdriuwen.
Tsjin in 25-jierrige fertochte út Grinslân is moandei yn deselde saak acht moanne sel easke. It binne de heechste strafeasken yn Projekt X Haren oant no ta.
De rjochtbank docht oer fjirtjin dagen útspraak.