Skoarstienbrantsje yn Boerum
Yn in hûs yn Boerum hat moandeitemiddei in brantsje west. Der kaam fjoer út de skoarstien. Bewenners hiene dat gau yn 'e gaten en warskôgen de brânwacht. Dy koe foarkomme dat it fjoer him fierder útwreide. It hûs hat gjin reek- of wetterskea oprûn.