Koepeltsjerke yn april ticht

De Koepeltsjerke yn Ljouwert giet op 1 april ticht. It 90-jierrich jubileum fan de tsjerke wurdt maart noch al fierd. Dat hat de algemiene tsjerkeried bekend makke.
Leden fan de Koepeltsjerke en de Pelikaantsjerke dy't echt ticht giet, geane yn prinsipe oer nei de Open Hof. Dy tsjerke wurdt dêrom ynkoarten útwreide. Njonken de Koepeltsjerke en de Pelikaantsjerke steane ek de Adelaarstsjerke en de Fenix te keap.