Twa ynbraken op De Gordyk

Ynbraak © ANP XTRA
Op De Gordyk is snein ynbrutsen yn twa wenningen. Oan de Doppen is in rút iepenbrutsen en binne nei alle gedachten sieraden stellen. De ynbraak hat wierskynlik oan de ein fan'e middei plakfûn. Dat docht bliken út buertûndersyk.
Oan de Heerenacker ûntduts de bewenner by thúskomst dat er ynbrutsen wie. Der is jild út in beurs stellen. Ek hjir wie in rút iepenbrutsen. De plysje docht ûndersyk nei beide ynbraken.