Grutte oarder ambulânsebou

It Ljouwerter karrosserybedriuw Visser hat yn febrewaris trije oarders binnen helle foar de bou fan hast 40 nije ambulânses. De opdrachten binne goed foar tûzenen oeren wurk.
Op dit stuit wurkje by it bedriuw 54 minsken en dat tal kin troch de goeie gong fan saken dit jier útwreide wurde mei 3 of 4. Visser hat de oarderportefúlje al goed fol foar dit jier en takom jier. It bedriuw draaide ferline jier in omset fan sa'n fjirtjin miljoen euro. Dat wie in rekôr.