Man oanhâlden foar fernieling
In 38-jierrige man út Berltsum is sneintejûn oanholden foar fernieling fan in oantal ruten fan in wenning yn Frjentsjer.
De plysje krige in melding fan it foarfal op de Pim Mulierstrjitte en is fuort op syk gien nei de dieder. Dy waard noch oantroffen yn de strjitte. Der wurdt noch fierder ûndersyk dien nei de reden fan de fernieling.