Net tefolle hinder akwadukt

25 feb 2013 - 12:11

It ferkear mei net tefolle hinder ûnderfine fan de oanlis fan it nije akwadukt yn de Drachtsterwei en it ferdjippe oanlizzen fan de dyk. Dat is ôfpraat mei haadoannimmer Heijmans. Moandeitemoarn binne yn Ljouwert de offisjele hantekenings setten foar dit projekt troch direkteur Willem Wagenaars fan Heijmans en deputearre Sietske Poepjes. Dat it ferkear hielendal gjin oerlêst fan de wurksumheden hat is net út te sluten. It hiele projekt kostet 32,5 miljoen euro.

Nei in lange tarieding giet de skeppe takom jier de grûn yn. Yn de simmer fan 2015 moat alles foar in grut part klear wêze.

Trefwurden: 
Ljouwert ferkear akwadukt
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)