Trochriden nei oanriding
In 20-jierrige man út Koatstertille is sneintejûn yn Surhústerfean oanhâlden om't er trochriden wie nei in oanriding. De fertochte wie op de Langeleane tsjin in parkearde auto oanriden.
Tsjûgen joegen it merk, de kleur fan de auto en in part fan it kenteken troch oan de plysje. Nei in sykaksje waard de man oantroffen yn de Grietmanstrjitte. Hy bekende en liet witte dat er de skea regelje soe. De plysje hat proses-ferbaal opmakke.