Hofstra wint Six Nations Cup

25 feb 2013 - 08:42

Darter Rick Hofstra fan Snits hat mei it Nederlânsk team de Six Nations Cup wûn. It wie de earste kear dat Nederlân de bêste wie op dit lannetoernoai. Yn de pûlfaze waarden Wales en Skotlân ferslein. Yn de heale finale wie Nederlân fierste sterk foar Noard-Ierlân. Hofstra besliste de wedstriid mei 13-4 foar de Nederlanners.

Yn de finale wachte it sterke Ingelân. Oant 8-8 gie it lykop, mar Nederlân wûn úteinlik mei 13-9. Hofstra wûn alle fjouwer legs dy't hy spile yn de finale.

Trefwurden: 
darts Rick Hofstra
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)