Pieter Weening 2e yn Langkawi

Pieter Weening is yn de keninginnerit fan de Ronde fan Langkawi twadde wurden. Yn Maleizië lei de einstreek fan de fiifde etappe op 1679 meter hichte yn de Genting Highlands. De Kolombiaan Julian Arredondo wie yn de lêste twa kilometer krekt te sterk foar de 31-jierrige hurdfytser fan De Harkema. Weening hie 26 sekonden langer wurk. Yn it algemien klassemint klimt de Fries ek nei it twadde plak op 1.22 fan Arredondo. De Ronde fan Langkawi duorret noch oant en mei sneon 2 maart.