Identiteit deade man bekend

Plysje-embleem © ANP
De deade man dy't snein yn it wetter fan de IJlsterkade yn Snits fûn waard is in 75-jierrige ynwenner fan dy stêd. Dat hat de plysje bekend makke. It lichem fan de man waard middeis om twa oere hinne ûntdutsen. Neffens famylje wie de man moarns nei syn boat gien, dy't by de IJlsterkade leit. Ut it plysje-ûndersyk hat bliken dien dat de man net it slachtoffer wurden is fan in misdriuw. Dêrmei is de saak foar de plysje ôfhannele.