De Laat bêste Nederlanner
Shorttracker Itzhak de Laat is der net yn slagge in medalje te pakken by it WK shorttrack foar junioaren yn Warschau. De Ljouwerter kaam net fierder as in 14e plak yn it klassemint, wêrmei't er lykwols al de bêste Nederlanner wie.
De Súd-Koreaan Se Yeong Park wie oppermachtich en wûn oertsjûgjend de wrâldtitel.