Drompels Akkrum fuorthelle

24 feb 2013 - 17:03

Unbekenden hawwe sneontenacht de swart-giele drompels út de Boarnsterdyk yn Akkrum demontearre. De drompels binne dêrnei op de nije miny-rotonde lein mei dêrby in grut spandoek mei de tekst 'Retour afzender Blunderhim'. De drompels en it spandoek binne sneintemoarn 10 oere al wer ferwidere. De aksje wie in protest tsjin de ferkearsmaatregels by de nije brede skoalle. Skoalbern moatte de Boarnsterdyk twa kear oerstekke en de minyrotonde smiet problemen foar de bussen op. De situaasje by de skoalle hat al laat ta protesten.

By de nije brede skoalle yn Grou spilen fergelykbere ferkearsproblemen.

Trefwurden: 
Akkrum drompels
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)