Zandstra wint Finse maraton

24 feb 2013 - 16:18

Maratonrider Hotze Zandstra fan De Tike hat sneon de jierlikse Finland Ice Marathon yn Kuopio wûn. Zandstra wie nei 200 kilometer yn de einsprint de rapste fan in kopgroep fan fjouwer. De Fin Antero Kotijärvi waard twadde op eigen iis. Yoeri Takken út Almere einige op plak trije.

It wie net foar it earst dat Zandstra de Finske tocht oer 200 kilometer wist te winnen. Yn 2011 wie de Tykster ek al de bêste. Yn 2012 en 2009 notearre Zandstra in top 3 klassearing.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)