Snits Wyt Swart pakt 3e winst

Snits Wyt Swart Boso hat snein mei 3-0 wûn fan Haaglandia. Op eigen fjild namen de Snitsers fan it begjin ôf it inisjatyf. Benammen Giro Batalla en Erolind Dergutti wienen ticht by de iepeningstreffer. Krekt foar rêst wie it Mark Homme van der Veen dy't de Snitsers fertsjinne op 1-0 sette.
Ek nei it skoft wie Snits hear en master op eigen fjild. Nei in goed oere spyljen wreide Cees Smaal de foarsprong fierder út, troch fanút in hoekskop de twadde treffer binnen te koppen. Nei de 3-0 fan Giro Batalla kaam de oerwinning net mear yn gefaar.
Yn de earste wedstriid fan de kompetysje waard ek al ferrassend wûn fan Haaglandia. Doe wie de ploech fan trainer Johan Groote mei 2-1 te sterk yn Rijswijk. De winst betsjut de tredde oerwinning fan it seizoen foar de Snitsers.