Unterjochte kapfergunning

Foar de kap fan seis beammen by it hûs fan de famylje Bosma yn Sint Jabik is te'n ûnrjochte in kapfergunning ôfjûn troch de gemeente. Dat docht bliken út mjittings fan it kadaster. De fergunning wie ôfjûn oan in buorman. Ut de mjittings docht bliken dat de beammen mear as oardel meter op it hiem fan de famylje Bosma stiene en dat de buorman gjin rjocht hie op de kapfergunning. De famylje Bosma wol no dat de gemeente nije folwoeksen beammen weromset. Ek wol sy finansjele kompensaasje ha foar de skea dy't se hawwe.
De gemeente It Bilt wachtet it útstel fan de famylje Bosma ôf.