Minder drank foar Teenageparty

24 feb 2013 - 14:29

It tal jongeren dat drank brûkt foar't se nei de alkoholfrije Teenageparty fan The Dance Factory yn Berltsum komme, is neffens foarich jier de helte minder wurden. Freed wie op de moanlikse Teenageparty foar de tredde kear in drankkontrôle. Doel fan de kontrôles is om de jongeren ûnder de 16 en har âlden bewust te meitsjen fan de risiko's fan drankgebrûk op jeugdige leeftiid. De aksje begjint dus yntusken fertuten te dwaan. It giet hjir om in inisjatyf fan de kampanje Nuchtere Fries.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)