Man goait bierglês yn gesicht
In 23-jierrige Boarnburgumer is sneontenacht oanhâlden yn in kafee oan De Schelp yn De Like. De man wurdt derfan fertocht in frou fan 30 jier dy't yn it kafee wurke, in bierglês yn it gesicht goaid te hawwen. De frou rûn dêrtroch ferwûnings op. De Boarnburgumer is meinaam nei it buro. Neffens de plysje hiene de twa mooglik rûzje oer betelmuntsjes.