Sieraden stellen yn Snits

Ynbraak © Omrop Fryslân
Yn Snits is sneon op twa plakken ynbrutsen. Ut in wenning oan de Fiem binne sieraden stellen. De dieders hawwe in rút iepenbrutsen om yn 'e hûs te kommen. De bewenners kamen derachter doe't se jûns thúskamen. Oan de Malta kamen dieven in wenning yn troch in rút fan de sliepkeamer by it balkon iepen te brekken. Dêr binne ek sieraden stellen.