Dief autokaai nimt auto mei

24 feb 2013 - 12:57

Sneontemiddei is ynbrutsen yn in hûs oan de Bodaanstrjitte yn Hurdegaryp. Om yn 'e hûs te kommen waard de foardoar forsearre. Ut de wenning binne kaaien stellen en dêr siet ek de autokaai by. De dieven namen de BMW fan de bewenner mei. Dy auto waard letter op 'e jûn op de merk yn Burgum wer weromfûn. De plysje ûndersiket de saak.

Trefwurden: 
Hurdegaryp autokaai
(advertinsje)